Jonkje út Snits oerriden

© Omrop Fryslân
In jonkje fan fiif út Snits is moandei ferwûne rekke yn syn wenplak. It jonkje is nei alle gedachten op in karre klommen fan in 50-jierrige Snitser.
De man ried mei de karre achter de auto troch de Citroenvlinder. Yn in bocht is it jonkje fan de karre fallen en dêrnei oerriden. Hy is mei ferwûnings oan 'e ribben opnaam yn it sikehûs yn Snits. De automobilist seit neat fan it ûngelok murken te hawwen.