Jong Hearrenfean wint fan PSV

25 feb 2008 - 21:48

Jong Hearrenfean hat moandeitejûn mei 1-0 wûn fan jong PSV. Op sportpark Skoatterwâld bleau it yn in net geweldige earste helte 0-0. Nei it skoft waard it spul better en krige PSV mei û.o. Culina, Koevermans en keeper Roorda it dreech.

Ynfaller Deekman joech yn de 64ste minút Arnor Smárason de bal en de Yslanner makke syn alfde fan it seizoen. Dêrnei hie de thúsploech, no op it 3e plak, kâns op mear.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)