Prate oer alkohol en drugs

© Omrop Fryslân
De gemeente Tytsjerksteradiel giet fan start mei in previnsjeprojekt oer alkohol en drugs foar jongeren.
Der is troch de gemeente Tytsjerksteradiel, de plysje, de Federaasje foar Kristlik Jeugdwurk en de Stichting Welzijnswerk Tytsjerksteradiel in spesjaal programma ûntwikkele. Hjir yn wurde jongeren, mar ek de âlders ynformearre oer de gefaren fan alkohol- en drugsgebrûk om te kommen ta diskusje.