Petear OK Harns yn Den Haach

25 feb 2008 - 17:08

In delegaasje Harnzer politisy en meiwurkers fan sikehûs MCL geane tiisdei nei Den Haach. De fêste keamerkommisje foar folkssûnens praat dan op 'e nij oer it iepenhâlden fan de OK's yn Harns. De situaasje fan lytse sikehûzen komt ek oan 'e oarder.

De OK yn Harns driget ticht te gean omdat soarchgroep Noorderbreedte besunigje moat. Yn jannewaris binne alvetûzen hantekens tsjin de sluting oarlange oan de Twadde Keamer.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)