Motor botst op auto by Wommels

25 feb 2008 - 15:23

By in botsing tusken in auto en in motor op de dyk Boalsert-Ljouwert is moandeitemiddei in motorrider ferwûne rekke. By Wommels kamen de motor en de auto troch noch ûndúdlike oarsaak mei elkoar yn oanrekking. De motorrider is mei in traumahelikopter oerbrocht nei it sikehûs. It ferkear út de rjochting Boalsert wurdt omlaat.

De plysje docht ûndersyk nei de oarsaak fan it ûngelok.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)