Kazemattenmuseum siket minsken

25 feb 2008 - 12:57

It Kazemattenmuseum by Koarnwertersân moat gau nije frijwilligers hawwe. It museum kin benammen wol in pear rûnlieders brûke. Op 15 maart wurdt der in ynformaasjedei hâlden om nije frijwilligers te ynformearjen oer wat it betsjut om meiwurker te wêzen yn it Kazemattenmuseum.

It museum ferliest meiwurkers om't sy te âld wurde en it rêstiger oan dwaan wolle. Frijwilligers bliuwe oar it algemien lang by it Kazemattenmuseum.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)