Sloop wyk Stadsweide Hylpen

25 feb 2008 - 12:44

De sloop fan 42 wenten yn de wenwyk Stadsweide yn Hylpen giet sa goed as wis troch. De gemeente Nijefurd en de wenningboukorporaasje WoonFriesland binne it iens wurden oer in nije ynfolling fan it gebiet. Dat bestjut dat der 56 nije wenten yn 'e wyk komme.

De boustyl fan 'e nije huzen slút oan by it beskerme stedsgesicht fan Hylpen. De bou kostet meiïnoar rûchwei 13 miljoen euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)