Emansipaasjeburo Equa ferhuzet

© Omrop Fryslân
It kantoar fan emansipaasjeburo Equa oan de Oostergrachtswal yn Ljouwert stiet te hier. Equa hâldt him dwaande mei fraachstikken en ûndersiken op it mêd fan emansipaasje.
It is de bedoeling dat Equa ein maart ferhuzet nei it gebou fan Partoer, it sintrum foar maatskiplike ûntwikkelings oan de Natalstrjitte yn Ljouwert. Der wurdt sûnt desimber 2007 wurke oan in fúzje tusken Equa en Partoer.