USA-priis foar Johan de Jong

© Omrop Fryslân
Fjild- en fûgelman Johan_de_Jong fan Oerterp hat in Amerikaanske priis wûn. De Jong is foarsitter fan in lanlike wurkgroep foar tsjerke-ûlen. Doel fan 'e wurkgroep is om de ûlen te beskermjen en te foarkommen dat se útstjerre. Dêr binne yn hiel Nederlân 800 frijwilligers foar yn it spier.
De Jong hat de erkenning krige foar syn kombinaasje fan beskerming en wittenskiplik ûndersyk. Hy nimt de priis persoanlik yn ûntfangst.