Van der Valk-hotel yn Ljouwert

Van_der_Valk lit in nij hotel bouwe by de Werpsterhoeke by Ljouwert. It moat de grutste festiging fan 'e hotelketen wurde mei twahûndert keamers en in soad romte foar sakelju foar gearkomsten. Neist it eigen restaurant krijt it Ljouwerter hotel ek in eksklusyf restaurant.
It hotel moat foar de simmer fan it jier 2010 klear wêze. Van der Valk wol al jierrenlang in nije festiging by Ljouwert hawwe.