Noardburgumer rydbewiis kwyt

© Omrop Fryslân
Yn Ljouwert is justermiddei it rydbewiis fan in 23-jierrige man út Noardburgum yn beslach nommen.
Twa plysjes moasten foarearst ferskate auto's ynhelje om de ferkearsoertreder in stopteken te jaan. Doe't ien fan de plysjes wer ynfoege woe, joech de bestjoerder út Noardburgum ekstra gas. De plysje koe der net mear tusken komme en moast útwike om in ûngelok te foarkommen.