Mei beamstam skoalrút ynslein

25 feb 2008 - 10:33

Twa jonges fan 15 en 16 jier fan 'e Jouwer binne oanhâlden foar fernielings oan in skoalle. Se hiene sneintemiddei mei in beamstam in rút ynslein en in reinwetterspiip stikken makke. Ferskate minsken hiene dat sjoen en de direkteur fan 'e skoalle warskôge.

Nei oerlis mei de âlden fan 'e jonges binne de twa de jûns troch de plysje meinaam nei it buro. Dêr sit se noch foar neier ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)