Staking yn 'e metaal

25 feb 2008 - 06:16

It personiel fan seis metaalbedriuwen op It_Hearrenfean leit moandei it wurk del. De fakbûnen wolle mei de aksje in bettere cao foar wurknimmers yn it lytsmetaal betingje.

Der wurdt al lang praat oer in cao, mar de fakbûnen en wurkjouwers kinne mar net ta in akkoart komme. Op It Hearrenfean wurdt ûnder oare staakt by busbouwer Berkhof en Feenstra Verwarming. Sawat 500 meiwurkers fan de bedriuwen dogge mei oan de aksje.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)