Hearrenfean ferliest fan NEC

24 feb 2008 - 16:40

SC Hearrenfean hat snein yn it Abe Lenstra-stadion mei 2-3 ferlern fan NEC út Nijmegen. De Feansters stiene nei oardel minút al mei 1-0 foar troch in doelpunt fan Roy Beerens. Geert Arend Roorda makke foar it skoft syn earste goal foar Hearrenfean en soarge foar in 2-0 foarsprong.

Yn de twadde helte wie NEC sterker en yn blessueretiid makke Youssef El- Akchaoui út in frije traap de winnende treffer foar de Nijmegenaren.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)