Snits wint fan Quick '20

© Omrop Fryslân
Sneinshaadklasser Snits hat op it eigen fjild wûn fan Quick '20 út Oldenzaal. Yn in net al te bêste wedstriid kamen de Snitsers djip yn de twadde helte op in 1-0 foarsprong troch in doelpunt fan Anton de Haan.
Deselde Anton de Haan moast in minút letter fan it fjild ôf want hy krige syn twadde giele kaart. Yn in spannend slot fan de wedstriid bleau it 1-0 en pakten de Sniters trije wichtige punten.