Ungelok mei 45-km auto

Fan de 45-km auto bleau net folle oer (foto: Alex Zwart)
Yn Snits hat sneintemiddei in ferkearsûngelok plakfûn op de Oppenhuizerwei. In 45-km auto dy't linksôf slaan woe yn de rjochting fan it Houkesleat-akwadukt, ried troch read. Hy waard troch in auto dy't fan de A7 kaam yn de flank rekke.
De 45-km auto rekke dêrby swier skansearre. De ynsittende is troch de brânwacht út de auto knipt en mei de ambulânse nei it sikehûs yn Snits oerbrocht.