Auto fernield yn Drachten
Twa minsken binne sneon oanholden troch de plysje op de Wielewalen yn Drachten foar it fernielen fan in auto. De twa hiene stiennen tsjin de auto oansmiten.
In tsjûge seach dat en hie de plysje warskôge. Troch in goed sinjalemint koene in frou fan 21 jier en in man fan 25 jier al gau oanholden wurde.