3 Fertochten strjitrôf oppakt

24 feb 2008 - 12:33

De plysje hat yn Ljouwert sneintemoarn trije minsken oanholden dy't fertocht wurde fan strjitrôf. De trije ha sneontejûn yn de Blokhússteech in 26-jierrige Ljouwerter fan syn mobile telefoan berôve.

De plysje hat mei it slachtoffer socht nei de oerfallers en dizze binne letter fûn op de Foarstreek. Ien fan de fertochten hie de telefoan fan it slachtoffer yn de bûse. It trijetal sit noch fêst foar fierder ûndersyk.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)