Dokters Skylge yn havenkantoar

24 feb 2008 - 12:10

De twa húsdokters op Skylge ferhúzje nei it eardere havenkantoar fan Rykswettersteat. De dokters sitte noch yn hotel Europa, mar dat wurdt ferboud om't it net mear oan de easken foldocht.

It húsfêsten fan de dokters yn it havenkantoar is tydlik. Nei alle gedachten ferhuzet de dokterspraktyk yn de takomst nei fersoargingstehûs De Stilen. Der binne plannen om dat hielendal te fernijen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)