Sven Kramer wint 5000 meter

23 feb 2008 - 17:55

Sven Kramer hat sneon de lêste wrâldbekerwedstriid op de 5000 meter fan it seizoen wûn. Kramer wie yn Thialf in klasse apart en ried in tiid fan 6.15.10. Enrico Fabis waard twadde yn 6.18.56 en Wouter Olde Heuvel pakte it tredde plak yn 6.20.21.

De einoerwinning fan de World Cup gie nei de gripige Noar Havard Bokko dy't genôch hie oan in seisde plak. Bokko wûn mei dat earste plak 14.000 euro.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)