Nederlân tred WK-toulûken

23 feb 2008 - 17:20

It Nederlânske team is op it WK toulûken yn it Italiaanske Faenza tredde wurden yn de klasse oant 640 kilo. It team fan Nederlân bestie út toulûkers fan It Heidenskip en Parregea.

Yn de heale finale waard ferlern fan Ingelân, mar de striid om it 3e en 4e plak waard wûn fan Switserlân. De finale gie tusken Ingelân en Skotlân. De Skotten wiene by eintsje beslút it sterkst.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)