Belangrike winst ONS

23 feb 2008 - 16:45

Sneonshaadklasser ONS Snits hat sneon in belangrike oerwinning behelle op de nûmer fiif fan de ranglist Genemuiden. De Snitsers wûnen op eigen fjild mei 2-1. Chalong de Bruin en Rudy Mann soargen yn de earste helte foar in 2-0 foarsprong.

Nei it skoft kaam Genemuiden werom yn de wedtriid troch in fantastyske goal fan Robert Boes. It waard foar ONS noch wol spannend, mar it bleau 2-1 foar de Snitsers.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)