Van Deutekom wint 1500 meter

23 feb 2008 - 16:17

Paulien van Deutekom út Gouda hat op Thialf de 1500 meter wûn by de wrâldbekerwedstriden op It Hearrenfean. De wrâldkampioen allround kaam oer de streek yn in tiid fan 1.56.61.

Mei van Deutekom kwalifisearre Jorien Voorhuis har ek foar it WK ôfstannen yn Nagano. Ireen Wüst wie al wis fan pleatsing en waard op de 1500 meter twadde. It einklassemint waard wûn troch Kristina Groves.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)