Oerol ferwachtet soad folk

Ek oan de kassa kinne kaarten kocht wurde
Oerol sil dit jier sa'n 55.000 besikers lûke. Dat ferwachtet algemien direkteur Janneke Staarink. Sa'n 1500 akteurs, organisatoaren en frijwilligers sille al dy minsken mei in budzjet fan 3 miljoen euro tusken 13 en 22 juny fermeitsje.
De organisaasje ferkeapet fan heal maaie ôf de helte fan alle kaarten per foarstelling fia ynternet. De kaarten dy't oerbliuwe moat it publyk oan de kassa's op Skylge keapje.