Bedrigings mei nepwapen

23 feb 2008 - 14:13

Twa jonges fan 16 en 17 fan De Jouwer swaaiden freedtejûn mei in nepwapen yn in bus. Ien fan de passazjiers hat de plysje warskôge doe't it duo útstapte op It Hearrenfean.

De plysje koe de twa jonges oanhâlde op de Gedempte Molenwijk. De 17- jierrige hie yndie in nepwapen by him. De Jousters binne oanhâlden.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)