Marrit Leenstra wrâldkampioen

23 feb 2008 - 12:52

Marrit Leenstra fan Wikel is wrâldkampioen reedriden wurden by de junioaren. Se wûn op de lêste dei yn it Sineeske Changchun sawol de 1000 as de 3000 meter. Freed wûn se al de 1500 meter en waard se twadde op de 500 meter. Leenstra is nei Elma de Vries de twadde Friezinne dy't by de froulju wrâldkampioen wurdt by de junioaren.

By de manlju waard Jan Blokhuijsen wrâldkampioen. Hy is de opfolger fan Sjoerd de Vries fan Twellingea.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)