Jildaksjes doarpshûs Hjerbeam

Ynwenners fan Hjerbeam sille jildaksjes organisearje foar de ferbou fan doarpshûs De Punt. Der is in ton nedich om it âlde gebou folslein op te knappen.
De gemeente Frjentsjerteradiel is ree om mei te beteljen, mar it grutste part fan it bedrach moatte de doarpynwenners sels betelje. Freed waard yn it doarpshûs in diskojûn organisearre om in begjin te meitsjen mei de jildsammelaksje.