Kosten provinsjehûs net helder

23 feb 2008 - 12:12

It nije provinsjehûs kin noait foar de ôfsprutsen priis fan 52 miljoen euro boud wurde. It wurdt mooglik wol 10 miljoen euro djoerder. Dat stiet yn in ynterne notysje dy't útlekt is.

Deputearre Schokker ûnderskriuwt dy konklúzje lykwols net. By it beslút oer it trochsetten fan de oanbesteging fan it wurk is nei mear saken sjoen as dizze notysje. It soe noch hieltyd mooglik wêze om binnen it budzjet te bliuwen.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)