CDA wol gjin stek om De Deelen

© Omrop Fryslân
De steatefraksje fan it CDA wol net dat der in stek pleatst wurdt rûn om it natuurgebiet De Deelen by It Hearrenfean.
It plan fan de provinsje, natuurbeskermers en boeren is neffens it CDA net goed foar de bisten. It stek is bedoeld om jonge guozzen yn de maaitiid yn it natuurgebiet te hâlden en dea gean te litten.It CDA fynt it oerskot oan guozzen in grut probleem, mar wol dat net op dizze wize oplosse.