Cazemier nije Omropdirekteur

Roel Cazemier, de nije direkteur fan Omrop Fryslân
Roel_Cazemier hat de bêste papieren om de nije direkteur fan Omrop Fryslân te wurden. Cazemier is op 't heden boargemaster fan Dongeradiel. Hy sit der no goed sân jier. Formeel is de proseduere noch net útiten. Der stiet foar takom wike noch in moeting mei de ûndernimmingsried op it program.
Cazemier wurdt de opfolger fan Pim Gaanderse, dy't begjin dit jier nei tsien jier ôfskie naam fan Omrop Fryslân.