Heidenskip wint WK toulûken

22 feb 2008 - 17:24

It toulûkteam fan It_Heidenskip is yn it Italjaanske Faenza wrâldkampioen wurden. Yn de kategory 680 kilo fersloegen se in Ingelsk team. De toulûkers fan Parregea waarden tredde. De manlju fan Tsjummearum wiene kânsleas. Yn 'e foarronde fleagen se der al út.

Sneon is it wrâldkampioenskip foar lanneteams. Dan komme de manlju fan Parregea en It_Heidenskip yn 'e klasse oant 640 kilo yn aksje foar Nederlân.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)