Oerol werom yn 'e tiid

22 feb 2008 - 17:17

Oerol giet werom yn 'e tiid. It tema fan dit jier fan it Skylger festival is Het eiland de vorige dag fan 'e skriuwer Umberto Eco. De plannen foar takom simmer waarden freed presintearre op it gemeentehûs op West. De organisaasje woe de klok ûnder it festival in oere weromsette, mar dêr wiene te folle minsken op tsjin. Der is wol omtinken foar ûnthaasting mei in stadige kuiertocht fan Waadsee nei Noardsee.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)