Vermanje werom yn Wytmarsum

22 feb 2008 - 16:12

Wytmarsum hat syn Mennistetsjerkje De Vermanje werom. Krekt bûten it doarp by it Minne Simens-monumint is in iepen replika fan it gebou delset. It is in stielen skelet mei in koepeltsje derop. De iepenlofttsjerke moat tsjinst dwaan as beafeartsplak.

Alle jierren komme tûzenen Mennisten rûnom út 'e wrâld wei nei Wytmarsum. Yn de takomst sille yn it Vermaninkje ek wer tsjerketsjinsten wêze.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)