MCL Harns wer nei Den Haag

22 feb 2008 - 15:44

It MCL en de gemeente Harns gean tiisdei wer mei in busfol minsken nei Den Haag. Se wolle dêr op de publike tribune sitte by in gearkomste fan de fêstekeamerkommisje fan Folkssûnens yn de Twadde Keamer. De kommisje praat dan oer it MCL yn Harns en ek oer oare lytse sikehuzen.

It Harnzer sikehûs moat besunigje. Tongersdei wie de lêste grutte operaasje. Der wurde tenei inkeld noch lytse yngrepen dien.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)