Dronken autorider fan A7 helle

22 feb 2008 - 11:22

In dronken automobilist is tongersdeitenacht fan 'e dyk helle op 'e A7 by Lúkswâld. De 22-jierrige Alkmaarder slingere bot mei syn auto. In frachtweinsjauffeur seach dat en belle de plysje.

Nei in stopteken naam de plysje de dronken bestjoerder mei nei in buro. As gefolch fan in asemtest krige er in rydferbod fan sân oeren en in prosesferbaal. Boppedat is it rydbewiis fan 'e man ynnaam.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)