Polderman wol bliuwe

Boargemaster Polderman fan Tytsjerksteradiel
De kâns is grut dat Polderman ek de kommende jierren boargemaster fan Tytsjerksteradiel is. De gemeenterie hat besletten him foar werbeneaming foar te dragen. Yn septimber rint de twadde amtstermyn fan Polderman ôf. Hy hat dan tolve jier boargemaster fan Tytsjerksteradiel west.
It foarstel foar werbeneaming giet nei kommissaris Nijpels. Dy stjoert it mei in advys troch nei de minister, dy't it úteinlike beslút nimt.