Dammers mooglik nei haadklasse

22 feb 2008 - 11:11

Damclub Frjentsjer kin sneon as fyfde Fryske club yn 'e histoarje nei de heechste klasse fan Nederlân promovearje. As se net ferlieze fan Lunteren is de club ûnberikber foar neiste konkurrent Volendam.

Earder yn 'e Fryske damskiednis kamen Damclub Ljouwert, Huzum, De Oldehove en Rinsumageast ek al yn 'e lanlike topklasse. Huzum waard yn 1974 sels Nederlânsk kampioen. De wedstriid fan Frjentsjer is sneon yn Wânswert.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)