Skiermûntseach wer Dútsk?
De famylje Von Bernstorff hat syn each opnij falle litten op Skiermûntseach. It eilân wie foar de Twadde Wrâldoarloch fan de Graven Von Bernstorff. Dernei rekke de famylje it eilân kwyt oan de Nederlânske steat.
Andreas Von Bernstorff wie koartlyn te gast yn hotel Graaf Bernstorff op Skiermûntseach en fertelde de eigneresse dat de famylje it eilân, 40 jier nei de konfiskaasje, weromfreegje sil.