Grou: 80% docht oan St. Piter

21 feb 2008 - 16:03

Sa'n 80 persint fan de Grousters docht oan Sint Piter. Dat docht bliken út ûndersyk fan fjouwer NHL-studintes. Grousters hechtsje der bot oan en de druk op nije ynwenners om gjin Sinteklaas, mar Sint Piter te fieren, is grut. Neffens de studintes is der sels in 'Sinteklaas-taboe' yn Grou.

Sint Piter wie tongersdei foar it lêst yn Grou. De NHL-studintes ûnderfregen 364 Grousters. Fan harren fiert 79 % Sint Piter.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)