Oerfal kasino: 3,5 jier sitte

21 feb 2008 - 15:53

De rjochtbank yn Ljouwert hat twa Amsterdammers feroardiele ta trije en in heal jier selstraf fanwege de oerfal op in kasino yn Balk. De offisier fan justysje hie twa wike werom deselde straf easke.

De manlju fan 23 en 22 jier namen by de oerfal 11.000 euro mei. Se bedrigen in meiwurkster fan it kasino mei in mes en bûnen se har fêst. In frou (19) dy't by de oerfal op wacht stie krige 2,5 jier selstraf.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)