Keamers socht foar festival

21 feb 2008 - 12:27

It Sintrum foar de Keunsten yn Snits is op syk nei minsken dy't harren hûskeamer beskikber stelle wolle foar it Waltafestival. It festival wurdt op snein 20 april hâlden. It is it doel dat dan in grut tal húskeamers muzyk en teateroptredens te sjen binne.

It festival wurdt dit jier foar de tredde kear hâlden en is bedoeld om de kulteur leechdrompelich te meitsjen. It moat wol om grutte keamers gean mei plak foar in publyk fan sa'n 20 man.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)