Gaslek yn Boalsert

21 feb 2008 - 11:04

By wurksemheden yn de Koopman Heereswei yn Boalsert is tongersdei in gaslek ûntstien. By it graven waard in hegedruklieding rekke, wêrtroch in gat ûntstie. Der wurdt hurd wurke oan it tichtsjen fan it gat.

It lek hat gjin gefolgen foar de bewenners fan Boalsert, mar wol foar ien fan de bedriuwen. By in waskerij sitte se foarearst sûnder gas. In koffiebaarnderij hat lâns in omlieding wol gas.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)