Wurkleazens op rekôrleechte

21 feb 2008 - 09:51

De wurkleazens yn Fryslân hat yn de ôfrûne 30 jier noch nea sa leech west as no. Dat docht bliken út de Noardlike Arbeidsmarkt Verkenning fan de Ryksuniversiteit Grins yn opdracht fan it CWI.

Yn ferliking mei 2004 is de wurkleazens sels mei 38 persint sakke. Benammen de A7-sône docht it poerbêst. Op dit stuit binne der goed 20.000 wurkleazen yn Fryslân. Mear as de helte derfan is boppe de 45 jier.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)