Provinsjale stipe Jorwert

20 feb 2008 - 22:42

De provinsjale polityk liket him fine te kinnen yn de oplossing foar de finansjele problemen fan it Jorwerter iepenloftspul. De skuld fan 170.000 euro dy't it iepenloftspul hat moat fuortwurke wurde mei bydragen fan de provinsje, Rabobank en gemeente Littenseradiel.

Alle provinsjale partijen wienen woansdei by in kommisjegearkomste te sprekken oer de oplossing. It definitive oardiel folget op 19 maart.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)