Deteksjelussen yn sneldiken

© Omrop Fryslân
Rykswettersteat is klear mei it lizzen fan deteksjelussen yn de A7, A28 en A32. Mei de lussen wurdt metten oft der files op de diken stean. Mei dy gegevens kin dan ferkearsynformaasje jûn wurde. Ek kinne se brûkt wurde foar plannen foar nije diken.
De deteksjelussen bestean út in soart fan antennetried dy't yn it asfalt lein is. De triedden stean yn ferbining mei in sintrale yn Wolfheeze.