NPB Fryslân tsjin plysje-CAO

20 feb 2008 - 21:08

De Fryske leden fan de NPB, de Nederlandse Politie Bond, kinne har net fine yn it einbod fan minister Ter Horst foar in nije CAO. Se fine it bod te meager. Op 5 maart is dúdlik hoe't alle leden fan de NPB oer it einbod tinke. Wat de Fryske leden oanbelanget komme der dan wer aksjes.

De leden fan de Algemene Christelijke Politiebond yn Fryslân jouwe tongersdei har oerdiel oer it einbod fan de minister foar in nije CAO.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)