Skoalle Gordyk lanlik foarbyld

20 feb 2008 - 19:45

It lesjaan op de Boargemaster Harmsma Skoalle op 'e Gordyk tsjinnet tenei as foarbyld foar oare VMBO-skoallen yn Nederlân. Neffens it platfoarm Bèta Techniek soarget de manier fan lesjaan op de skoalle der foar dat jongeren ynteressearre reitsje yn technyk en yn bètafakken as natuer- en skeikunde.

De skoalle fersoarget ûnder oare technykprojekten op basisskoallen. Ek is der in soad omtinken foar de oergong fan VMBO nei MBO.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)