Huzen ferpauperje troch rot

De kar om eigners mei in rotte houten fundearing sels de kosten betelje te litten, liedt ta ferkrotting en ferpaupering yn feanweidegebieten. Dat seit Brinksma fan de Belangeferiening Fundearingsproblematyk Lemsterlân.
Benammen dêr en yn Wymbritseradiel rotsje de peallen ûnder 3000 hûzen fuort mei tsientûzenen euro's skea as gefolch. Dat gebeurt om't de grûn ynklinkt en it wetterskip it wetterpeil hieltyd ferleget.