Steaten bypraat oer nijbouplan

20 feb 2008 - 15:32

Yn oktober wurdt dúdlik wat de nijbou fan it provinsjehûs kostet. De nije oanbestegingsproseduere moat dan klear wêze. Dat hat deputearre Schokker yn in sletten gearkomste oan de Steaten ferteld. Oannimmers kinne apart ynskriuwe foar de nijbou fan it provinsjehûs en de parkeargaraazje.

Dat de nijbou 7 miljoen euro djoerder útfalt, ûntkent de deputearre. It nije gebou soe yn 2011 klear wêze moatte, as alles mei sit.

Trefwurden: 
argyf
Diel dit berjocht op:
(advertinsje)