Hooijboer ferlit Cambuur

Cambuur wol net fierder mei Hooijboer
Rick Hooijboer en Marinus Dijkhuizen moatte SC Cambuur ferlitte. It kontrakt fan Hooijboer rint oant 2009, mar hy hat no al te hearren krigen fan trainer Jurrie Koolhof dat syn kontrakt net ferlingd wurdt.
De 33-jierrige ferdigener giet der no fanút dat Cambuur mei in oplossing komt. Oant dy oplossing der is, spilet hy gewoan fierder. Dijkhuizen kaam oardel jier lyn werom by Cambuur, mar hy spile de lêste tiid net in soad.